Noch gjin wykgebou Suderbuorren

© Omrop Fryslân
It wykpanel fan de Ljouwerter nijbouwyk Suderbuorren is bot teloarsteld yn it gemeentebestjoer. It wykpanel wol graach dat der krekt as yn de oare Ljouwerter wiken in wykgebou realisearre wurdt yn Suderbuorren.
Sa'n gebou is wichtich foar de leefberens yn de wyk, sa fine de bewenners. It wykpanel hat al faak by de gemeente oan de bel lutsen, mar dy hat foarearst gjin jild oer foar in wyksintrum.