Nijenhuis net nei WB yn Berlyn

© Omrop Fryslân
Beorn Nijenhuis docht takom wike net mei oan de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn. De hurdrider fan TVM, dy't him foaral rjochtet op de WB-sprint, wol him net te folle belêste. In wike letter docht er wol mei oan de WB-wedstriid oer 1500 meter op It Hearrenfean. Wa't syn ferfanger wurdt, is noch net bekend.
Ek Annamarie Thomas hat har ôfmeld foar de WB-wedstriden yn Berlyn. Se hat lêst fan in rêchblessuere.