Ofmelding Thomas foar 1500 meter

15 nov 2004 - 08:55

Reedrydster Annamarie Thomas hat har snein ôfmeld foar de wrâldbekerwedstriid oer 1500 meter yn Hamar (Noarwegen). De rydster hat lêst fan in rêchblessuere en koe dêrom net yn aksje komme.

Omdat de ôfmelding sa let bekend waard, koe de KNSB gjin ferfangster oanmelde. De 1500 meter waard wûn troch de Amerikaanske Jennifer Rodriguez. Har tiid wie 1.57,02. De Nederlânske rydsters einigen bûten de top 10.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)