Hearrenfean - Vitesse: 0-3

15 nov 2004 - 08:46

Sportclub Hearrenfean hat sneontejûn foar de twadde kear dit seizoen in thúswedstriid ferlern. Vitesse wie yn it Abe Lenstrastadion mei 0-3 te sterk. De doelpunten foelen allegear yn de twadde helte.

Earst makke Nicky Hofs in goal út in frije traap. Dêrnei makke Matthew Amoah noch twa doelpunten. By de Feansters kaam krekt foar it begjin noch in wikseling yn de opstelling. Michel Breuer stie yn 'e basis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)