Winst en ferlies haadklassers

14 nov 2004 - 16:19

Harkemase Boys hat sneon mei 1-3 ferlern fan Be Quick '28. De gasten kamen earst op 0-1. Harkemase Boys wist noch gelyk te meitsjen mar in kertier foar tiid makke Be Quick de twadde treffer. Yn blessuertiid waard it noch 1-3. Fan beide clubs moast in spiler mei read fan it fjild.

ONS die yn deselde klasse bettere saken. De Snitser fuotballers wûnen by Urk mei 2-4. Beide clubs steane yn it klassemint no boppe yn de middenmoat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)