Ringrot ûntdutsen yn Fryslân

14 nov 2004 - 15:23

Op in Fryske buorkerij is de jirpelsykte ringrot ûntdutsen. Dat hat de plantesyktekundige tsjinst bekend makke. De besmetting sit yn it jirpelras Santé. Om hokker bouboer yn Fryslân it krekt giet, is net bekend.

Op in oare buorkerij is mooglik ek besmetting, lykas op twa bedriuwen yn Flevolân en Grinslân. Ringrot is in besmetlike sykte, te ferlykjen mei brúnrot. Der wurde strange maatregels naam om mear besmettings foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)