Koart atletyknijs

© Omrop Fryslân
Anton Costeris hat sneon de Heiderin op syn namme skreaun. It wie de twadde wedstriid fan it Hearrenfeanster sirkwy. De atleet út Wolvegea rûn by de acht kilometer lange rin 1 minút en 5 sekonden fuort fan Kosta Poltavets fan It Hearrenfean.
De Marderhoekrin, mei start en finisj yn Aldemardum, is wûn troch Gert Jan Tichelaar út Oldebroek. Foar de tsien Ingelske milen hie er 57 minuten en 10 sekonden nedich.