Problemen ûnderwiis Opsterlân

14 nov 2004 - 14:10

Kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels wol yn detail op de hichte hâlden wurde fan de swierrichheden yn it iepenbier ûnderwiis yn Opsterlân. De ûnderwiisynspeksje konkludearret dat it tige min steld is mei de kwaliteit fan it ûnderwiis yn Opsterlân.

Neffens in rapport skoart in fjirde part fan de learlingen oan de ein fan de legere skoallen in ûnfoldwaande. De skoallen prestearje swak en de gemeente soe te min lieding jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)