Frou ferwûne by brân Frjentsjer

14 nov 2004 - 13:24

By in útslaande brân yn in opfanghûs foar psychiatryske pasjinten yn Frjentsjer is freedtejûn ien frou slim ferwûne rekke. Se is oerbrocht nei it brânwûnesintrum yn Grins. De brân bruts tsjin alven út yn de achterste keamer fan 'Huize Vera'.

Dêr ferbleaunen op it stuit fan de brân seis minsken. Yn totaal rekken trije fan har ferwûne, wêrfan ien slim. Foar de bewenners is oar ûnderdak regele. Oer de oarsaak is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)