Bertebeammen besoarge

14 nov 2004 - 12:16

Yn Gasterlân-Sleat ha sneon 67 bern in bertebeam krigen. It giet om bern dy't it ôfrûne jier jier berne binne. It bringen fan bertebeammen is sûnt 1980 wer in tradysje yn de gemeente. Der binne no al sa'n 2500 plante.

De gemeente wol mei de bertebeammen in griene gemeente bliuwe. Boppedat moat it bern helpe om bewuster te wurden fan de natuer. Eartiids wie de beam in soartemint sparpotsje. As de beam grut wie, waard er kape en ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)