Opnij terpentinelucht yn Snits

13 nov 2004 - 12:02

Bewenners fan de Age Pierstrjitte yn Snits ha freedtejûn opnij te krijen hân mei in sterke terpentinelucht yn har strjitte. De plysje krige fan fjouwer bewenners in melding. De brânwacht hat doe meunsters naam.

Dêrút die bliken dat de lucht net sa sterk wie dat it gefaarlik wie foar de bewenners. It rioel ûnder de strjitte is trochspield. Twa wike lyn wie yn de Age Pierstrjitte ek al in sterke terpentinelucht te rûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)