Finalisten Bernlef top-80 bekend

13 nov 2004 - 09:52

Douwe-Gerlof Heeringa fan Bernlef hat freed de tsien finalisten fan 'De 80 meast ferneamde Friezen' bekend makke. De tsien finalisten binne Eise Eisinga, Grutte Pier, Gysbert Japickx, Abe Lenstra, Piter Jelles Troelstra, Kening Redbad, keunstner M.C. Escher, Domela Nieuwenhuis en de twa noch libjende Friezen Foppe de Haan en Piter Wilkens.

By de finalisten sit net ien Friezinne. Der kin no oant 10 desimber stimd wurde om út te meitsjen wa't wint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)