Famkes lêstich fallen op It Fean

13 nov 2004 - 09:40

De plysje is op syk nei in man dy't op It Hearrenfean famkes lêstich falt. Oant no ta binne der fjouwer famkes dy't oanjefte dien hawwe. De man falt de famkes oerdei lêstich yn de omkriten fan it stasjon.

De plysje slút net út dat noch mear famkes it slachtoffer fan dizze man wurden binne. It giet om in jongeman yn de de leeftiid tusken de 16 en 20 jier mei stikelich hier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)