Friezen gol foar McDonaldhûs

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Fryslân hawwe yn trochsneed njoggen kear safolle bydroegen oan it Ronald McDonaldhûs as de Limburgers. Dat kaam freed oan it ljocht by de offisjele iepening fan it Fryske Ronald McDonaldhûs by it MCL.
Mei allerhanne aksjes waard yn Fryslân sa'n oardel miljoen euro binnenhelle. Yn it Ronald McDonaldhûs kinne âlden mei in bern dat yn it sikehûs opnommen is sliepe. Yn it Ljouwerter hûs is plak foar op syn meast acht húshâldings.