Cambuur ferliest fan Fortuna

13 nov 2004 - 00:00

Cambuur Ljouwert is der freed net yn slagge in foarsprong op Fortuna Sittard om te setten yn in oerwinning. It waard 1-3. Al nei fiif minuten skoarde René van Rijswijk in doelpunt nei in hoekskop fan Dominique van Dijk.

Mar nei in heal oere spyljen makke Dirk-Jan Derksen de gelykmakker. Yn de blessueretiid fan de earste helte makke Moutawakil dêr 1-2 fan. Joep op den Kamp makke yn de twadde helte noch in tredde doelpunt foar Fortuna.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)