Noardfryske taalwet oannommen

© Omrop Fryslân
It grutte mearderheid fan it parlemint fan Sleeswyk-Holstein hat tongersdei in taalwet foar it Noardfrysk oannommen. De wet regelt dat Noardfriezen it Frysk brûke meie by de oerheid. Ek opskriften op gebouwen en oan 'e dyk meie tenei offisjeel yn it Noardfrysk.
De wet krige in soad stipe, allinnich sân leden fan 'e FDP-fraksje ûntholden harren fan stemming. De taalwet wie in inisjatyf fan it Noardfryske lândeilid Lars Harms fan 'e politike partij SSW.