Wildeboer betellet produktskip

© Omrop Fryslân
Slachter Wildeboer betellet it Produktskip foar Fee en Fleis dochs de ferplichte 120.000 euro heffingsjilden. Mei dizze meidieling hat de eigner fan Brada in ein makke oan in slepend konflikt mei de Produktskip.
Wildeboer hat sûnt ôfrûne maaitiid wegere om te beteljen omdat it produktskip te min foar de boeren dwaan soe. De rekken fan Brada by it produktskip wie sadwaande oprûn oant 120.000 euro.