Oprop foar respekt Dongeradiel

12 nov 2004 - 13:51

De gemeente Dongeradiel sil takom wike yn de hûs-oan-hûs-krante in oprop pleatse oan de boargers om wurkjen te bliuwen oan in respektfolle maatskippij. Oanlieding is de moard op filmmakker Theo van Gogh en de gewelddiedige reaksje dêrop.

Krityk op inoars politike en godstsjinstige oertsjûging moat mooglik wêze, sûnder inoar te misledigjen. Dat skriuwt Dongeradiel yn de oprop. Dy komt der op fersyk fan de FNP-fraksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)