Famke (19) ûntfierd troch âlden

© Omrop Fryslân
In 41-jierrige man en syn 43-jierrige frou út Drachten ha tongersdeitemiddei besocht har 19-jierrige dochter te ûntfieren. In tsjûge seach dat it famke om tolve oere hinne by har wenning oan de Engwerd yn in auto treaun waard.
It famke raasde, wêrnei't de tsjûge de plysje belle. Dy sette 30 plysjes, stedswachten en ek hûnen yn om de minsken op te spoaren. Uteinlik melde de famylje har sels by it plysjeburo. De âlden binne fêstset.