PvdA-debat oer ekstremisme

12 nov 2004 - 13:20

De PvdA Ljouwert hâldt takom wike freed in debat oer de fraach hoe't ús lân der hinne leit nei de moard op filmmakker Theo van Gogh. It debat is it earste yn in rige fan trettjin dy't yn it hiele lân hâlden wurde.

Twa fan de dielnimmers binne Twadde Keamerlid Albayrak en Earste Keamerlid Middel. Der wurdt by it debat ûnder oare diskusiearre oer de fraach hoe't ekstremisten oanpakt wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)