Soargen oer yntegraasje H'fean

© Omrop Fryslân
De polityk op It Hearrenfean hat soargen oer de yntegraasje tusken autochtoanen en allochtoanen. Dat waard tongersdei dúdlik yn de riedsgearkomste fan de gemeente It Hearrenfean.
Ferskate fraksjes seinen dat se ûngerêst wurden binne nei it besykjen ta brânstifting yn de moskee op It Hearrenfean. Der sil mear praat wurde om respekt foar inoar te krijen, sa waard sein. Ein dizze moanne sil der in iepen gearkomste wêze.