Jild leit op strjitte

12 nov 2004 - 10:43

It jild lei tongersdei foar it opskeppen by it Saailân yn Ljouwert. By in weardetransport wie ien fan de meiwurkers stroffele. En sa koe it gebeure dat der ynienen in hiel soad jild los op strjitte lei.

De man is troch ambulansemeiwurkers holpen en letter meinommen nei it sikehûs. Hy hie in ferwûne ankel. Plysjeminsken hawwe mei feger en blik it jild byinoar garre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)