Plan foar nije filmseal Ljouwert

© Omrop Fryslân
It sintrum foar film yn Fryslân en it Frysk Museum wolle besykje om tegearre in nije filmseal te ûntwikkeljen. Dy seal moat in plak krije yn it noch te ûntwikkeljen nije Frysk Museum op it Saailân. Dit plan waard woansdei bekend makke by de iepening fan it 26ste Noardlik Filmfestival yn Ljouwert.
De nije seal moat 'in sintrum foar kultuer en sosjale kontakten' wurde. It tema fan it 26ste Noardlik Filmfestival is Hongarije.