Mûzepleach yn súdwest-Fryslân

12 nov 2004 - 09:44

In mûzepleach soarget foar in soad skea oan gêrslân yn súdwest-Fryslân. Oeral yn de provinsje is it in goed mûzejier, mar yn dit part fan de provinsje is it wol hiel slim. Boeren yn Koufurderrige tusken Hommerts en Wâldsein tinke der sels oernei om harren lân ûnder wetter te setten om de bistjes te fersûpen.

Net allinnich it gers boppe de grûn wurdt opfretten, de mûzen ite ek de woartels op. In ienfâldige oplossing foar it probleem liket net foarhannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)