Noardfryske taalwet oannommen

© Omrop Fryslân
It parlemint fan Sleeswyk-Holstein hat tongersdei mei grutte mearderheid de wet ta befoardering fan it Noardfrysk oannommen. De taalwet is de earste wetlike erkenning foar it Frysk yn Dútslân. De wet krige in soad stipe; allinnich sân leden fan 'e FDP-fraksje ûntholden harren fan stimming.
De wet regelt ûnder oaren it rjocht om Noardfryske opskriften te brûken. Fierder ha Noardfriezen it rjocht om de eigen taal te brûken by de oerheid.