SC Hearrenfean lottet Ajax
Sportclub Hearrenfean spilet yn 'e achtste finale fan it bekertoernoai tsjin Ajax. De wedstriid wurdt spile yn de Amsterdam Arena op 25 of 26 jannewaris 2005. It is foar beide clubs pas de earste wedstriid dy't se spylje moatte yn it bekertoernoai. Klubs dy't Europeesk fuotbal spylje streame pas yn 'e achte finale yn.
Yn maaie 1993 spile Hearrenfean de bekerfinale tsjin Ajax. De Feansters ferlearen doe mei 6-2.