Unfeiligensgefoel nei oanslaggen

11 nov 2004 - 16:06

De maatskippij moat net wike foar yndividuen dy't oanslaggen plege nei oanlieding fan de moard op Theo van Gogh. Dat hat boargemaster De Jonge fan it Hearrenfean woansdei sein yn in gesprek mei ferskate maatskiplike organisaasjes yn syn gemeente.

Dêryn waard dúdlik dat de ynwenners fan it Hearrenfean har hieltyd ûnfeiliger fiele. De Jonge is skrokken fan de gefoelens fan ûnfeiligens ûnder syn boargers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)