Te faak alarmnûmer belle

© Omrop Fryslân
In 26-jierrige frou út Sint Nyk moast har twa mobile tillefoans by de plysje ynleverje om't se tsientallen kearen it alarmnûmmer 112 belle hie. Twa plysjes kamen by de frou oan de doar en namen de tillefoans yn beslach.
De frou naaide doe út op har brommer, sûnder de helm op te setten. Se besocht op de plysjes yn te riden. Dy koene oan de kant springe. De frou ride de dyk op, dêr't se mei sin tsjin in parkearde auto opbotste.