Brânstifting moskee Hearrenfean

11 nov 2004 - 09:40

Unbekenden hawwe tiisdeitenacht besocht in moskee op It Hearrenfean yn 'e brân te stekken. It gebou stiet oan de Hesselstrjitte yn it plak. De melding kaam yn de nacht fan tiisdei op woansdei om healwei trijen by de plysje binnen. It gie om twa lytse brantsjes dy't de plysje sels útmakke hat.

De technyske resjerzje hat de spoaren ûndersocht. De moslims dy't de moskee besykje, binne bot skrokken. De plysje siket tsjûgen fan de brânstifting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)