Te min jild foar sanearjen grûn

11 nov 2004 - 09:32

It sanearjen fan boaiemfersmoarging komt faai te stean. Alteast as it Ryk net gau mei tsien miljoen euro oer de brêge komt. Dat seit deputearre Mulder. Fryslân hat de lêste jierren fersmoarge grûn skjinmakke, mar liket de dupe te wurden fan besunigings fan it Ryk.

Yn de perioade 2000-2004 krige Fryslân 38 miljoen euro. Foar de kommende fjouwer jier is 23 miljoen euro beskikber. Minister Dekker fan VROM wurdt yn in brief frege om mear jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)