Frou dea nei fal fan balkon

11 nov 2004 - 09:16

In 67-jierrige bewenster fan in flat oan it Normandiaplein yn Snits is tiisdeitejûn yn it sikehûs ferstoarn, nei't se fan trije heech nei ûnderen fallen wie. Doe't de plysje op it plak oankaam, stie der in 31-jierrige man út Snits by it slachtoffer.

De man is oanhâlden troch de plysje om út te sykjen oft de man belutsen west hat by de dea fan de frou. De plysje hat ek in buertûndersyk hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)