Live-programma 'Frysk vet cool'

10 nov 2004 - 17:40

Omrop Fryslân hat ûndersyk dwaan litten troch it NIPO nei de fraach oft it âlden noch slagget om it Frysk oer te bringen op har bern. As dat net mear bart, giet de taal ferlern. Yn it programma 'Frysk vet cool' stiet dan ek de Fryske taal sintraal; is it brûken fan it Frysk noch wol 'vet cool'?

It programma wurdt nije wike tongersdei live útstjoerd út de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. Der wurdt praat mei âlden, ûnderwizers en saakkundigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)