Klokken werom yn toer Ferwert

© Omrop Fryslân
Ferwert hat sûnt woansdei syn klokken werom. De lieders yn de toer fan de Herfoarme Tsjerke moasten twa jier ferlyn yn de revyzje. De klokken huften der mei in gewicht fan 800 oant 1600 kilo aardich yn. Mei grut materieel koene se wer teplak hongen wurde.
De restauraasje wie yn Brabân en Dútslân. Eins soe de bûtenkant fan de tsjerke ek opknapt wurde moatte, mar dêr is gjin jild foar. Op 11 desimber wurde de klokken offisjeel 'ynlet'.