Fjochterij tusken skoaljonges

10 nov 2004 - 15:32

In learling fan de Boargemaster Harmsmaskoalle op De Gordyk is woansdei ferwûne rekke by fjochterij op de skoalle. Hy waard slein troch in 15-jierrige oare jonge. Dy sloech him mei de hân yn it gesicht.

It slachtoffer rekke dêrby ferwûne en moast nei it sikehûs foar behanneling. De 15-jierrige dieder wurdt ûnderfrege yn it plysjeburo. De plysje kin noch neat sizze oer it motyf fan de fjochterij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)