'Heal miljard foar Waad te min'

10 nov 2004 - 12:17

Bestjoerlik Noard-Nederlân fynt dat minister Dekker fan VROM 800 miljoen euro frijmeitsje moat foar it Waadfûns. De minister wol lykwols net fierder gean as in heal miljard. Deputearre Bijman fan Ekonomyske Saken neamde de stelling fan de minister teloarstellend.

Neffens Bijman set de mearderheid fan de Twadde Keamer yn op 800 miljoen. Hy ferwachtet dat der moasjes komme sille. Bijman wol yn alle gefallen de Keamer nochris om stipe freegje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)