Swimbad Easterwâlde moat ticht

10 nov 2004 - 10:33

It moat oars mei de swimbaden yn Eaststellingwerf. It ynterimbestjoer fan de stichting swimbaden stelt it folgjende foar: in nij oerkape swimbad yn Appelskea en it bad yn Easterwâlde ticht. De takomst fan it swimbad yn Haulerwyk is ûnwis.

De baden yn Easterwâlde en Haulerwyk binne bot ferâldere. Opknappen kostet in soad jild. Neffens de stichting is foar it nije swimbad yn Appelskea 4,5 miljoen euro nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)