Comenius slút 4 festigingen

© Omrop Fryslân
Lytsskalich ûnderwiis is foar Comenius yn Ljouwert net mear te beteljen. De skoalle giet fan seis lokaasjes werom nei twa. De wiken Bilgaard, Heechterp en Huzum ha dan gjin eigen VMBO mear.
De lokaasje Achter de Hoven wurdt ferboud en der komt nijbou by. Learlingen yn de earste klassen krije dêr in eigen thúsbasis. Op de skoalle sitte HAVO en VWO en de teoretyske leargong fan it VMBO. De ferbouwing fan de gebouwen kostet goed 19 miljoen.