Manifest Waadakademy misliedend

© Omrop Fryslân
Twadde-Keamerleden krije tiisdei in misliedend manifest oer in nije Waadakademy. Neffens Jeroen Neerkens fan it Nederlânsk Ynstitút foar ûndersyk nei de see is it manifest net troch in grut tal wittenskippers ûnderskreaun.
Guon ha it ûndertekene, sûnder dat se de tekst sjoen ha. Neerkens wol útlis fan de opsteller fan it manifest, Henk Tameling. De Waadakademy moat ûndersyk nei it waadgebiet dwaan.