Stipepunt foar mantelsoargers

© Omrop Fryslân
Mantelsoargers dy't wenje en wurkje yn Súdwest-Fryslân krije in stipepunt. Dat is tasein op de Dei fan de Mantelsoargers. No ha de mantelsoargers yn de Súdwesthoeke gjin plak dêr't se telâne kinne mei har fragen. Dêrom komt der in stipepunt.
Mantelsoargers ha in soad fragen en swierrichheden en dy ha fral te krijen mei de besunigingen. De soarch wurdt dêrtroch sa swier dat it systeem fan de mantelsoarch mooglik ferdwynt.