Oflústerstasjon yn Boerum?

© Omrop Fryslân
Der komt mooglik in ôflústerpost fan definsje yn Boerum. It stasjon, in maatregel tsjin terrorisme, soe dan komme njonken it besteande kommersjele satellytpark.
Eins wol definsje har ôflústerstasjon yn Zoutkamp útwreidzje mei tweintich satellytskûtels. Omwenjenden binne dêr op tsjin. De saak kaam moandei foar by de Raad van State. Dêrby joech it ministearje oan dat se útwike wolle nei Boerum as Zoutkamp net trochgean kin.