Minder help by skulden nedich

© Omrop Fryslân
It tal minsken dat de eintsjes net mear oan inoar knope kin, wurdt noch hieltyd grutter. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. It opfallende is lykwols dat soks foar Fryslân dit jier net jildt.
It tal minsken dat skuldsanearing nedich hat giet hjir omleech. De kredytbank yn Ljouwert wit net goed hoe't hja de ôfname fan helpoanfragen ynterpretearje moat. Ferline jier wie hjir noch in taname fan oanfragen.