Aksje foar mear fytsljocht

© Omrop Fryslân
Noch tefolle skoalbern ha de fytsferljochting net yn oarder. It ROF, it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens, komt dêrom mei in kampanje foar skoalbern. Dêrby wurde ek fytsmakkers ynset.
Mei de 'Actie Zichtbaarheid' komme spesjale teams nei de skoallen. Learlingen kinne dan fergees har fyts kontrolearje en reparearje litte. Tongersdeitejûn binne der by de Waag yn Ljouwert ferskate aktiviteiten.