Pizzabesoarger bedrige

08 nov 2004 - 15:44

In 18-jierrige pizzabesoarger út Winsum is sneintejûn bedrige troch trije jonges. It slachtoffer ried op syn brommer oer de Merk yn Warkum doe't de fertochten op him begongen te skellen.

De besoarger ride troch, mar de jonges kamen achter him oan. By de pizzeria pakte ien fan de fertochten de jonge beet om him te slaan. Doe't dy om help rôp en syn kollega's nei bûten ta kamen, naaiden de fertochten út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)