Brân yn charterskip Harns

© Omrop Fryslân
Der hat yn de nacht fan sneon op snein brân west op it charterskip Antonia Maria. It skip lei oan it Plankenpaad yn Harns. De oarsaak fan de brân is noch net bekend. De boatsjeminsken wiene de stêd yngien.
De brânwacht krige ûnferwachts assistinsje fan twa rêdingsboaten, dy't krekt weromkamen fan in sykaksje op it Waad. Mei help fan pompen fan de rêdingsboaten hat de brânwacht it fjoer útmakke.