Nij inisjatyf Friesland Bank

© Omrop Fryslân
De Friesland Bank jout foar it earst saneamde perpetuele obligaasjes út oan partikuliere belizzers. Perpetuele obligaasjes binne obligaasjes dy't foar ûnbepaalde tiid rinne en dêr't in hegere rinte foar jildt.
Der is foar hûndert miljoen euro oan obligaasjes. De bank wol mei de útjefte hjirfan it fermogen fersterke. De opbringst wurdt brûkt om de Friesland Bank fierder út te bouwen.