Jongeren mishannele

08 nov 2004 - 11:18

In groep fan sân jongeren út Eksmoarre en Parregea binne yn de nacht fan sneon op snein ôftúgd troch twa ûnbekenden. De twa dieders sieten op in scooter en hellen de jongeren yn doe't dy nei hûs ta fytsten nei it stappen.

Der wie gjin oanlieding foar de mishanneling. Ien fan de slachtoffers hat kniezingen yn it gesicht en it boarst. De jongeren binne nei in wente gien om help te freegjen. De plysje is no op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)