De Jouwer wint fan RKHVV

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser De Jouwer hat sneintemiddei yn Huissen (Gelderlân) mei 1-2 wûn fan RKHVV. Lange tiid stie it 1-0 en krige De Jouwer net folle kânsen. Yn de 38e minút fan de twadde helte wist Anne Hornstra lykwols te skoaren nei in corner fan Johnny Dölle. Noch gjin minút letter wist dyselde Hornstra noch in doelpunt te meitsjen.
Yn de earste klasse F wûn de fuotbalploech fan Snits sneintemiddei fan SVBO út Emmen. It waard 5-0.