Groenewold wint 1500 meter

© Omrop Fryslân
Renate Groenewold hat snein by it NK ôfstannen yn Assen de titel op de 1500 meter ferovere. Foar de wrâldkampioene allround wie it in revâns foar sneon, doe't se op de 3000 meter te gau ynhold en de titel fuortjoech oan Gretha Smit.
Groenewold wûn snein yn 2.03,22. It sulver wie foar Marianne Timmer, al kampioene op de 500 en 1000 meter. It brûns gong nei Frederique Ankoné. Wieteke Cramer waard sechde en Annamarie Thomas sande.