Aris ferliest fan Giants

07 nov 2004 - 15:48

De Ljouwerter basketballers fan Woon!Aris ha sneon yn Bergen op Zoom mei 103-88 ferlern fan de Giants. De nederlaach wie terjochte. In minne start achterfolge de ploech de hiele wedstriid.

By 40-37 hie Woon!Aris trije kear balbesit mar wist net te skoaren. Yn it tredde en fjirde kwart fan de wedstriid wiene der kânsen, mar it kaam der net út. Tongersdei komt Aris yn aksje tsjin Landstede Zwolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)