Foljebal: VC Snits ferliest

07 nov 2004 - 14:16

It frouljusfoljebalteam fan VC Snits hat sneon yn eigen hal mei 1-3 ferlern fan lânskampioen Longa '59. De earste set gong kânsleas ferlern, mar yn de twadde set kaam Snits goed werom. Dochs gong de winst nei de gasten mei 25-27.

Hjirnei pakte it team fan Olof van der Meulen mei entûsjast spul de fjirde set mei 25-23. Ferfolgens wie de puf derút: 12-25. Nei fiif duels wachtet Snits, nettsjinsteande goed spul, noch hieltyd op de earste oerwinning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)